Home

Top-copy2

zondag, 16 juli 2017 08:51

Tsjerkepaad 2017


DSCN3363

Tsjerkepaad 2017. Elke sneon fan 1 july oant en mei 26 augustus fan 13.30-17.00 oere yn de tsjerke fan Ingelum.

DSCN3392

DSCN3364

Hoe komme dizze krystgroepen en kryststâlen no midden yn de simmer yn de tsjerke fan Ingelum?

Dat sit sa. Tot de foarige simmerfakânsje wie ik juf op basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole. Elk jier tusken Sinteklaas en Kryst stienen myn krystgroepkes op skoalle en nei oanlieding dêrfan waard my frege om yn it kader fan Tsjerkepaad dizze simmer de groepkes yn de tsjerke fan Ingelum te setten. Fandêr!

DSCN3396

DSCN3403

Hoe is dizze samling ûntstien? Opgroeid as famke yn Ljouwert seach ik elk jier mei grutte belangstelling yn de krysttiid by V&D boppe by de krystspullen en ek by de kryststâlen dy 't dêr stienen. De túnsentra mei de wiidweidige krystôfdielingen bestiene noch net en de kryststâl wie doe in spesjaal roomske oangelegenheid en kaam nauweliks foar yn it protestantse fermidden wêryn ik opgroeide.

DSCN3397

DSCN3398

DSCN3399

DSCN3400


Folle letter doe't der al in protte feroare wie yn tsjerke en maatskippij kocht ik op famyljebesite yn Panama myn earste krystgroepke en by de Wibra myn twadde en dat is dan it begin fan in fersameling. Ek Sinteklaas hat my gauris ferwend mei in krystgroepke. Út de Wereldwinkel mar ek selsmakke eksemplaren fan beskilderde WC-papierroltsjes en ferve en beplakte terracotta blompotsjes en eksemplaren makke troch minsken mei in beheining fan de ynstelling wêr't ien fan de bern wurket. De famylje yn Panama hat ek geregeld oan my tocht. By it útpakken en opstellen gjin krystgefoel midden yn de simmer mar wol ferbining mei myn dierbaren. Ik hoop dat in protte misken even om it hoekje sjen sille.

DSCN3401

DSCN3402

DSCN3404

DSCN3405

DSCN3406

DSCN3407

DSCN3408

DSCN3409

DSCN3410

DSCN3411

DSCN3412

DSCN3413

DSCN3414

DSCN3415

DSCN3416

DSCN3417

DSCN3418

DSCN3419

De útstalling is fierder oanfuld mei groepen fan Anneke vd Schaaf, Trynke Lok-Hofstra, Dicky Hahné en Geertje Nielsen.

DSCN3394

Yn de tsjerke hinget ek noch in grut tafelkleed makke troch de ferskate ôfdielingen fan de Federaasje fan Frijsinnige Froulju's Ferieningen. Elk plak hat in karakteristike ôfbylding fan harren doarp makke en al dy losse borduersels ha in plakje krigen op dit takelkleed. It kleed is makke foar it 50-jierich bestean yn 1983 en foarich jier hat de federaasje opholden te bestean. Tiden hawwe tiden.

DSCN3393

Ingelum, simmer 2017. Els Brunia-Groenewoud.



















BasdeBoer.jpg