Begin pagina

Top-copy2

zaterdag, 04 november 2017 09:36

Toanielselskip 'Nieuw Leven' drok dwaande mei 'Bokkesprongen'.



1

2

3

Oer it stik,

It is in moaie maitiidsdei en omke Freerk hat de famylje frege foar syn jierdei. Hy is 71 jier wurden. Mei in protte bombaarje komt it spul del: neef Harm, ‘de twadde duvel fan Wier’ dy’t altyd ferlet hat fan jild en gjin ferlet fan wurk, mei syn frou Loltsje, ‘in byderhantsje.’ Neef Lammert, de wethâlder fan Menameradiel en grut boer. Hij is foaral tige mei himsels ynnaam, en behandelt syn frou Geeske as syn sloofke. En ek muoike Mie ...eh  Siecherke, in âlde túnekster út Ouwe Syl is fan de partij.  

Boppedat komme de buorlju fan omke Freerk, Tineke en Renee, in pear alternativelingen ek del, hja kinne hiel bêst mei omke Freerk. As eltsenien bûten yn it sintsje noflik oan 'e kofje sit, ferskynt der noch in frjemde gast: Edeltraut August Gruber, hielendal út Hinterklemme. De famylje baarnt fansels fan nijsgjirrigens; wa is dizze frou, wat docht se hjirre, wat moat se fan omke Freerk? As bliken docht dat Omke Freerk en Edeltraut it wol hiel goed mei-inoar fine kinne, begjint de famylje har soargen te meitsjen oer de erfskip. Mar dan meitsje Omke Freerk en Edeltraut mei-inoar in reis nei Kanada. Mei it fleantúch fansels! En dat fleantúch moat oer de Bermudatrijehoek, dêr't safolle fleantugen samar weiwurde... Och ja, it libben giet troch, is 't net sa? Alhoewol, net op sa'n foet as de egoistyske, ynklauwerige famylje tocht hie!

4

Foar it tredde jier sil regiseur Karel Adema ût Stiens de rezjy op him nimme.

5

Karel is dit jier fol fjoer. Dus hjir en der binne noch wol wat oanwizings nedich.

6

7

Tige wiis binne wij mei us nij lid Helga Postma. Sy sil dit jier har debút meitsje.

8

 9

10

 11

Nijsgjirrich wurden?

Kom dan op freed 2 febrewaris nei ús Try-out

as sneon 3 febrewaris nei de útfieringsjûn.

beide jûnen oanfang 20:00 oere,

 yn doarpshûs Skerne Wibe te Ingelum.

De kaartferkeap start yn jannewaris. Fia www.engelum.com  hearre jim noch fan ús by wie en wannear jim kaarten bestelle kinne.

Graach oant sjen op ien fan ús útfieringsjûnen!!

Toanielselskip “Nieuw Leven”
Snackbanner.jpg